Oer dizze 5 beloften kinst hjirûnder noch mear lêze:
BELOFTE 1: DE KLIMAATKRISIS OANPAKKE
We moatte it opwaarmjen fan de ierde no keare. En noch mear natuerrampen en it útstjerren fan plante- en bistesoarten foarkomme. We moatte wurkje oan in sûne, bewenbere wrâld. Foar ússels. Mar ek foar ús bern. En foar de bern fan ús bern. GrienLinks kiest foar in griene takomst, foar in griene ierde.
- We ferminderje dêrom de útstjit fan broeikasgassen. En ferplichtsje bedriuwen om duorsum te wurkjen. Stjitte bedriuwen in soad skealike CO2 út? Dan betelje se ek folle mear belesting. Oer likernôch 25 jier is ús maatskippij sels hielendal klimaatneutraal. Dan bringt it meitsjen fan iten of produkten gjin skea mear ta oan it klimaat.
- We fiere staasjejild yn op blikjes en wynflessen. Plestik ferpakkingen recyclje we safolle mooglik. En we soargje derfoar datst hieltyd minder fergeze plestik bekers en bakjes krijst. Sa beskermje we de natuer troch omtoarkjend ôffal foar te kommen.
- Mear natuer is wichtich foar in sûn klimaat. We meitsje dêrom nije natuer; by de Waddenkust, it Oostvaarderswold en yn de Peel. Ek ferbine we besteande natuergebieten mei inoar; dat is goed foar planten en bisten.
- Mear grien soarget ek foar in skjinne lucht en in sûne leefomjouwing. We plantsje dêrom de kommende fjouwer jier 17 miljoen nije beammen: foar elke Nederlanner in nije beam.
- Der komt in Klimaatfûns fan 60 miljárd euro. Mei dat jild bouwe we oan in griene ekonomy. We helpe bygelyks bedriuwen mei goede ideeën foar griene enerzjy, opwekke út duorsume boarnen lykas sinne, wyn en wetter. Mei it jild bouwe we ek betelbere en duorsume wenningen. Dy komme net yn de natuer. Mar foaral op plakken dêr't al boud is.
- We lizze snelfytspaden tusken gemeenten oan. En we ferbetterje it ferfier mei de bus en de trein. Der komt bygelyks in direkte treinferbining tusken Grins en de Rânestêd. En folle mear treinen tusken Nederlân en oare lannen yn Europa.
- Mei betelber en goed iepenbier ferfier is mear asfalt net nedich. We begjinne mei rekkeningriden: wat mear oft je ride, wat mear oft je betelje. Fleanen wurdt djoerder en mei de trein reizgje krekt goedkeaper.
- We pakke de klimaatkrisis ek oan mei duorsume lânbou. Dat is lânbou dy’t rekken hâldt mei de natuer. We helpe boeren - finansjeel - om wer biologysk, sûn en bistfreonlik te wurkjen. Mei de helte minder bisten as no. Sûnder it brûken fan gif of oare middels dy’t skealik binne foar it miljeu.
- Elkenien moat sûn ite kinne. We meitsje griente en fruit goedkeaper. En learlingen fan alle basisskoallen yn Fryslân krije in sûn miel iten.
BELOFTE 2: PUBLIKE FOARSJENNINGEN FERSTERKJE
Sûn iten helpt by in goede sûnens. En foarkomme is altyd better as genêze. GrienLinks wol noch mear dwaan foar treflike publike foarsjenningen. Want de ôfrûne jierren gie it net goed op it mêd fan ûnderwiis, soarch en wenjen.
- We wolle gjin soarchfersekerders dy’t benammen dwaande binne mei de kosten. Mar publike foarsjenningen, dy’t goede soarch regelje. Soarchfersekerders wurde dêrom soarchfûnsen. Yn elke regio makket sa’n fûns in soarchplan. Mei bygelyks ôfspraken oer goede sikehûssoarch, húsdoktersoarch, wykferpleging, âldereinsoarch en geastlike sûnenssoarch (GGZ-soarch). Hjirtroch is der ek minder wurkdruk foar ferpleechkundigen en mear tiid foar goede soarch.
- We meitsje de soarch betelber foar elkenien. De soarchfersekering kostet op syn meast 10 euro de moanne. En it eigen risiko - no 385 euro de fersekere persoan - ferdwynt as je in leech of middenynkommen hawwe.
- De GGD docht wichtich wurk yn dizze coronakrisis. Ek al binne der bytiden te min minsken om testen út te fieren. Of om goed boarne- en kontaktûndersyk te dwaan. Mear jild foar de GGD moat dit yn de takomst foarkomme.
- We wolle dat elkenien yn Nederlân foar tige driuwende soarch en lytse yngrepen nei in sikehûs yn 'e buert kin. Wêr't je ek wenje. Foar spesjalistyske soarch wurkje sikehuzen yn de regio goed gear.
- Der komt mear jild foar bettere jeugdsoarch, geastlike sûnenssoarch en âldereinsoarch. We soargje foar mear opfangplakken, ekstra plakken yn ferpleechhuzen en gaadlike wenningen foar âlderen.
- We moedigje in sûne styl fan libjen oan. Elkenien moat sporte kinne by in sportklup. Ek as je út in earmere húshâlding komme. Of in beheining hawwe. Tabak wurdt djoerder. En parken, boarterstúnen en terrassen smookfrij. Swimles komt werom yn it basisûnderwiis.
- Goed ûnderwiis mei omtinken foar élk bern. Dat fine we ûnmisber. We wolle gelikense kânsen foar elkenien. Wêr't je ek wenje. Hoefolle jild oft dyn âlders ek hawwe. Klassen moatte dêrom lytser. Berne-opfang wurdt fjouwer dagen yn 'e wike fergees. En elk bern kin alle dagen fergees nei de bûtenskoalske opfang.
- We wolle ek ekstra begelieding op skoallen. Bygelyks foar bern mei in beheining. Foar bern dy’t de muoite hawwe mei learen. Of foar bern dy’t noch net krekt witte wat oft se wolle.
- Basisskoalleleararen krije itselde lean as de kollega’s op in middelbere skoalle. Ek leararen yn it spesjaal ûnderwiis, vmbo (tariedend middelber beropsûnderwiis) en mbo sille mear fertsjinje. Dan wurdt wenjen yn de stêd dêr't se lesjouwe ek foar harren betelber.
- Om de wenkrisis op te lossen bouwe we de kommende 10 jier 1 miljoen betelbere nije wenningen. Want we wolle foar elk in feilich plak dêr't je jin thús fiele. We soargje dat de hieren omleech gean. En hierders mear wissichheid krije.
- In feilich plak foar elkenien betsjut ek dat net ien op strjitte hoecht te sliepen. Yn elke gemeente komme dêrom ekstra opfangplakken foar dakleazen en thúsleazen.
BELOFTE 3: WURK EN YNKOMMEN EARLIK FERDIELE
Goed foar inoar soargje betsjut ek soargje foar wissichheid. En ûnwissichheid by minsken weihelje oer wenjen, wurk en ynkommen. GrienLinks fjochtet foar in maatskippij dêr’t we inoar earliker yn beleanje. In mienskip dêr’t grutte bedriuwen en rike boargers net riker yn wurde, mar mear bydrage. In mienskip dêr’t elkenien yn meidwaan kin. En net ien yn earmoede libbet.
- Wurkest, mar fertsjinnest te min om fan te libjen? Dan krijst in oanfolling op dyn ynkommen: in basisynkommen. We ferheegje ek it minimumlean nei 14 euro yn ‘e oere. En selsstannigen sûnder personiel - zzp'ers - krije in fatsoenlik oeretaryf.
- Wurkjende minsken mei in leech of middenynkommen betelje minder belêsting. Minsken mei topsalarissen krekt mear. Lykas grutte bedriuwen en minsken mei in soad jild. Bist multimiljonêr? Dan betellest elk jier 2% fan dyn fermogen oan belesting.
- We wolle dat grutte bedriuwen faker in fêst kontrakt jouwe. Dat betsjut bygelyks mear wissichheid foar útstjoerkrêften en flekswurkers. En der komt ien regeling foar arbeidsûngeskiktheid foar elkenien dy’t wurket. Ek foar zzp'ers.
- Wurknimmers krije mear rjochten. Lykas meibeslisse by wichtige karren binnen it bedriuw. Foar in part thúswurkje, as dat kin. En mear âlderskipsferlof. Memmen krije 9 wiken betelle ferlof yn de earste 9 moanne nei de berte fan harren bern. Heiten - en fersoargjende mei-âlders - 3 wike betelle ferlof.
- Alle jongelju krije op harren 18e 10.000 euro startjild. Dat jild kinst brûke foar dyn stúdzje. Fan dyn 23e ôf meist ek wat oars mei it jild dwaan. Lykas it starten fan in bedriuw.
- We fine wurk fan grut belang foar dyn wolwêzen. Dêrom krijt elkenien sûnder baan persoanlike help. Omskoalling nei oar wurk, bygelyks. Of in baan yn in wurkpleats foar minsken mei in arbeidsbeheining. Gemeenten moatte soargje foar genôch sinfolle banen.
- We ferheegje de AOW-útkearing. Sadat ek minsken sûnder oanfoljend pensjoen genôch ynkommen hawwe. Ek de útkearing yn de bystân giet omheech. Krekt as de Wajong- útkearing dy’tst krijst ast net wurkje kinst omdatst al fan dyn jonge jierren ôf in sykte of beheining hast.
- Minsken mei grutte skulden helpe we by it ôflossen fan harren skuld.
- En der komt goede soarch, skjin drinkwetter en elektrisiteit foar alle ynwenners fan Karibysk Nederlân.
BELOFTE 4: BOUWE OAN IEN MAATSKIPPIJ
Om inoar jaan is de basis fan in earlike en noflike mienskip. We hâlde genôch ôfstân, mar binne altyd tichteby. Undernimmers dy’t de itensbank helpe. Buorlju dy't boadskippen foar inoar dogge. Frijwilligers by de sportferiening, mantelsoarch foar immen dy’t it krap hat. GrienLinks wol wurkjen bliuwe oan ien duorsume maatskippij. Mei romte om jinsels te wêzen. En respekt foar inoars ferskil.
- Net rasistysk wêze is net genôch. We binne antyrasistysk. We stride tsjin bewust èn ûnbewust diskriminearjen op basis fan hûdskleur, leauwen, komôf, gender of seksuele foarkar. By it finen fan in baan of staazje. Op skoalle of op strjitte. Mar ek by de oerheid of de plysje. In mienskip dêr’t elkenien him noflik yn fielt slút net ien út. Der komt dêrom in nasjonaal koördinator anty-diskriminaasje. Dy moat rasisme en diskriminaasje bestride en foarkomme. Oeral.
- In betroubere rjochtssteat soarget foar in maatskippij dy’t feilich en earlik is. Fan plysje oant rjochter: se beskermje slachtoffers en straffe dieders. We wolle ekstra plysjeminsken. Ek yn de wyk. En mear froulju, LHBTIQ+-minsken en minsken fan kleur by de plysje.
- Nederlân biedt ekskús oan foar syn slavernijferline. Ekskús foar it ûnderdrukken fan minsken. Keti Koti op 1 july wurdt in nasjonale feestdei. Op dy fan oarsprong Surinaamske feestdei betinke we it ôfskaffen fan de slavernij. Ek wurdt Befrijingsdei op 5 maaie in nasjonale feestdei.
- Keunst en kultuer binne de soerstof fan ús maatskippij. Der komt dêrom mear jild foar nij talint en nije kulturele plakken. Rûnom yn it lân.
- We iepenje ek nije biblioteken: plakken dêr't men lêze kin, kennis opdocht en minsken moetsje kin. Yn wiken komme mear buerthuzen. Dat soarget foar in leefbere buert. Ideeën fan buertbewenners stypje wy.
- Mei in spesjaal aksjeplan geane we seksueel geweld tsjin. Bygelyks op skoallen en sportklups. En der komme mear opfangplakken foar elkenien dy’t thús net feilich is.
- We sette ús yn foar minsken dy’t harren lân ûntflechte binne foar oarloch en geweld. We helpe mear flechtlingen as dat we no dogge. En biede se ûnderdak, soarch, taalles en rjochtshelp.
BELOFTE 5: FOAR YNTERNASJONALE FERBûNENS
By de opfang fan flechtlingen is gearwurking tusken de Europeeske lannen fan grut belang. Mar Grienlinks is om noch mear redenen foar in sterk en feriene Europa. Yn in feriene Europa kinst feilich en frij reizgje, leare en wurkje. In sterk Europa set him yn foar wolfeart, ek yn earmere Europeeske lannen. De takomst fan Europa is grien.
- De Europeeske Uny - de EU - soarget foar ‘banen fan 'e takomst ’. Bygelyks banen op it mêd fan duorsume enerzjy. Of banen dy't te krijen hawwe mei it recycljen fan grûnstoffen.
- Oer 10 jier binne alle koalesintrales yn Europa ticht. We stopje gjin jild mear yn ierdgas, stienkoal en ierdoalje. De EU jout krekt mear jild oan duorsume enerzjy en projekten om enerzjy te besparjen.
- De EU komt op foar minskerjochten en beskermet Europeeske boargers. Ek tsjin de eigen oerheid. De EU is dêrom strang foar EU-lannen dy’t hieltyd minder demokratysk binne. Lykas Poalen en Hongarije.
- Ek al sit it Feriene Keninkryk net mear yn de Europeeske Uny, it lân bliuwt in wichtige EU-partner. Foar de hannel. Foar it oanpakken fan de klimaatkrisis. Foar de feilichheid.
- Foar ynternasjonale frede moatte EU-legers mear mei inoar gearwurkje. Mei as úteinlik doel: ien Europeesk leger.
- Nederlân set him yn foar in wrâld sûnder wapens. Gjin kearnwapens. Gjin lânminen. Gjin klusterbommen.
- Nederlân striidt ek foar in wrâld mei earlike hannel. Hannel dy’t rekken hâldt mei de natuer, mei de rjochten fan minske en dier. Hannel dy’t earmoede en ûngelikensens tsjingiet. Duorsume hannel; dêr wurdt elkenien better fan.